Wittenskip en Beweging - Skôgings oer wurk en stribjen fan prof. dr. Tony Feitsma

Wittenskip en Beweging - Skôgings oer wurk en stribjen fan prof. dr. Tony Feitsma voorzijde
Wittenskip en Beweging - Skôgings oer wurk en stribjen fan prof. dr. Tony Feitsma achterzijde
  • Wittenskip en Beweging - Skôgings oer wurk en stribjen fan prof. dr. Tony Feitsma voorkant
  • Wittenskip en Beweging - Skôgings oer wurk en stribjen fan prof. dr. Tony Feitsma achterkant

It boek Wittenskip en Beweging befettet in alvetal skôgings fan foaroansteande wittenskippers oer it wurk fan prof.dr. Anthonia (Tony) Feitsma (1928-2009). Feitsma wie net allinne in lang skoft professor Frysk yn Amsterdam, mar ek in fûleindich striidster foar it Frysk; dêrby mijde se de konfrontaasje perfoarst net. Boppedat wie Tony Feitsma yn de sechstiger jierren ien fan de oprjochters fan de FNP. Yn - letterlik - tûzenen stikken hat Feitsma yn kranten, tydskriften en boeken skreaun en wreaun oer it Frysk en syn posysje yn de maatskippij. Boppedat hat se yn de santiger jierren besocht om in eigen stavering te yntrodusearjen, dy't slim ôfwykte fan de gongbere. It boek befettet as bylage in folsleine list fan al har stikken. Wittenskip en Beweging is in útjefte fan Utjouwerij Wijdemeer, op inisjatyf fan it Feitsma Fûns ('Fûûns fwar it Frysk'). Meiwurkers: Henk Meijering Alex Riemersma Jarich Hoekstra Philippus H. Breuker Arjen Versloot Jan Noordegraaf Anne Dykstra Hindrik Sijens Jan Popkema Liuwe H. Westra Redaksje Anne Tjerk Popkema Lolke Folkertsma Redbad Veenbaas Alex Riemersma Boekfersoarging: Peter Boersma

Specificaties
ISBN/EAN 9789492052131
Auteur Anne Tjerk Popkema
Uitgever Wijdemeer Louw Dijkstra
Taal Westerlauwers Fries
Uitvoering Gebonden in harde band
Pagina's 300
Lengte 237.0 mm
Breedte 154.0 mm

Wat vinden anderen?

Er zijn nog geen reviews van dit product.