Nachtflecht
'Alles wat Saint-Exupéry fertelt docht er mei kennis fan saken. Dat er persoanlik hieltyd mar weroan yn nuodlike situaasjes in oplossing sykje moat, jout syn boek in autentike en ûnneifolgbere bekoaring. Dit ferhaal bewûnderje ik om syn literêre wearde en om't it in weardefol dokumint is. Dy beide kwaliteiten dy't op sa'n ûnferwachte wize gearfoege binne, jouwe oan Nachtflecht syn bûtengewoane betsjutting.' André Gide Vol de nuit is de ferneamdste roman fan De St. Exupéry en waard yn 1941 bekroand mei de Prix Femina. It boek giet oer de striid fan in piloat dy't út it neat yn in orkaan terjochte komt en de psychologyske spanningen by de direkteur fan de luchtfeartmaatskippij dy't him de nacht ynstjoerd hat. Syt Bakker-Palma sette it oer út it Frânsk yn hjoeddeisk Frysk.
ISBN/EAN | 9789089549969 |
Auteur | Antoine de Saint-Exupéry |
Uitgever | Elikser B.V. Uitgeverij |
Taal | Westerlauwers Fries |
Uitvoering | Paperback / gebrocheerd |
Pagina's | 130 |
Lengte | 193.0 mm |
Breedte | 127.0 mm |