In reis nei it hert fan de Kongo

In reis nei it hert fan de Kongo voorzijde
In reis nei it hert fan de Kongo achterzijde
  • In reis nei it hert fan de Kongo voorkant
  • In reis nei it hert fan de Kongo achterkant

Dit eboek is alleen te lezen op een tablet of op een computer, niet op een e-reader. Dit e-book is allinnich te lêzen op in tablet of op in kompjûter, net op in e-reader. "Ik sil in grutte reis meitsje troch de oerwâlden yn it fiere noarden, mei de beamkano nei de boarnen fan ’e Motaba, dêr’t wy de boaten efterlitte, dan te foet troch it moeraswâld en oer de wetterskieding nei de Ibenga, yn ’e hope dat wy dêr in oare kano fine, en dan, as we gelok ha, de rivier ôfsakje nei de Likouala-aux-Herbes en te foet fierder nei de ferburgen mar, Lac Télé, dêr’t Mokélé-Mbembé, de Kongodinosaurus wenje soe.” Sa kundiget Redmond O’Hanlon syn reis oan by in tsjoenster yn Brazzaville, de haadstêd fan Kongo. Dy reis bringt him oer brede rivieren, troch de tichte jungle, nei in mysterieuze mar, mei gefaar fan soldaten, korrupsje, swarte magy en giftige bisten, nei it plak dêr’t er hinne wol om it mystearje fan de Kongodinosaurus bleat te lizzen. Redmond O’Hanlon (1947) is in Britske reisskriuwer yn de alderbêste tradysje. Syn boeken ha oer de hiele wrâld miljoenen lêzen. Foar de VPRO makke er de seary “O’Hanlons Helden” (2012-2013) en wurke er mei oan in rekonstruksje fan de reis fan Charles Darwin op de Beagle (2009). Foar it earst is syn wurk no yn it Frysk te lêzen, op in wize sa’t noch nea Frysk lêzen wurde koe. Dit e-book befettet ûnbekende foto’s, brieven, kaarten en objekten út de priveekolleksje fan de skriuwer. Sa komt de lêzer noch tichter op de hûd fan de grandioaze ferteller dy’t Redmond O’Hanlon is. In unike lêserfaring!

Specificaties
ISBN/EAN 9789463655071
Auteur Redmond O'Hanlon
Uitgever Elikser B.V. Uitgeverij
Taal Westerlauwers Fries
Uitvoering E-Book
Pagina's 865

Wat vinden anderen?

Er zijn nog geen reviews van dit product.