De weddenskip
Lida Dykstra Mei yllustraasjes fan Nina Peckelsen Lida Dykstra hat har foar De weddenskip ynspirearje litten troch de midsiuwske poëzy en ferhalen út sawol de poëzy-Edda as de proaza-Edda fan Snorri Sturluson en nimt de lêzer op in boartlike wize mei nei de njoggen wrâlden fan de Noardske kosmos, dy't bewenne wurde troch Asen, Wanen, reuzen, alfen, dwergen en minsken. De bline dichter Bernlef helpt Jari, dy't fan moard fertocht wurdt, om te ûntspannen oan in stel soldaten. Bernlef nimt Jari op sleeptou, yn de hope dat er syn learling wurde wol. Sy komme yn in herberch telâne. Dêr sjongt de âldman, om in miel te beteljen, in lang liet oer de slûchslimme Loki, dy't seis foarwerpen mei bysûndere krêften troch de dwergen fan Nidavellir meitsje lit. Jari en in bûnt publyk hearre spannende ferhalen út de Noardske mytology: oer de spear Gungnir, it skip Skidbladnir, de hammer Mjöllnir en folle mear. Pas as de sinne opkomt, is it liet ôfrûn. En pas dan docht ek bliken wat de djipper lizzende motiven fan Bernlef binne...
ISBN/EAN | 9789492176622 |
Auteur | Lida Dykstra |
Uitgever | Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K |
Taal | Westerlauwers Fries |
Uitvoering | Paperback / gebrocheerd |
Pagina's | 60 |
Lengte | 247.0 mm |
Breedte | 174.0 mm |