De keunst as útwei

Biografy fan Simke Kloosterman (1876-1938)

De keunst as útwei voorzijde
De keunst as útwei achterzijde
  • De keunst as útwei voorkant
  • De keunst as útwei achterkant

Wat makke dat Simke Kloosterman keas foar in bestean as skriuwster, en dan ek noch yn it Frysk? Wat feroarsake de mankelike toan, dy’t ek yn it wurk fan har heit Jan Ritskes werom te finen is? En hokker rol spile har ferloving en lettere freonskip mei Douwe Kalma? Philippus Breuker besiket yn dizze biografy har langsten en lotgefallen yn libben en wurk te ûntriedseljen. Simke hat mei har keunst in útwei út de ellinde fan har jonge jierren fûn, mar sykte en twivel oan de wearde fan dy keunst hawwe har letter it betreklike fan har stribjen fiele litten. Dochs is de Fryske literatuer net sûnder har te tinken. Mannich boek fan har hat noch altyd syn leafhawwers. Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân De Gouden Iuw yn Boazum en Fryslân yn de Gouden Iuw.

Specificaties
ISBN/EAN 9789464710793
Auteur Philippus Breuker
Uitgever 20 Leafdesdichten BV Bornmeer
Taal Westerlauwers Fries
Uitvoering Paperback / gebrocheerd
Pagina's 424
Lengte 233.0 mm
Breedte 153.0 mm

Wat vinden anderen?

Er zijn nog geen reviews van dit product.