De Fryske Utopy
Hoe sjocht Fryslân yn 2030 der út? Hoe moat dit hoekje wrâld idealiter der út sjen? Alve minsken mei dúdlike (utopyske) fyzje, sprekke har dêroer út yn dizze bondel. Dy bydragen geane oer allegear thema’s, fan it Frysk erfguod oant Fryslân frij fan gif. Wat harren bynt is belutsenens by minsken, by it lânskip, by it wurk. Wat harren ek bynt is langstme. Net romantysk of sentiminteel, mar in realistysk langstme. De bydragen leverje in konkrete wurklist op foar it goede libben yn Fryslân. En wat foar Fryslân jildt, jildt eins ek foar de hiele wrâld.